Bste allegare

Lykas jim witte hawwe we de frne tiid hurd wurke oan de organisaasje fan in ekstra Slachtemarathon yn 2018, it jier dat Frysln kulturele haadstd fan Europa is. It idee, betocht troch de organisaasje en de doarpen, wie om de rte fan de Slachtemarathon foar ien kear te feroarjen en troch alle belutsen doarpen rinne te litten. In bysndere edysje yn in bysnder jier, in Slachtemarathon oer 92 kilometer én 2 dagen. Dit, lykas altyd, yn goeie gearwurking mei de doarpen. Want snder de doarpen gjin Slachtemarathon.


Yn septimber ferline jier binne we tein setten mei de kaartferkeap foar de 2-daagse edysje. Al gau die bliken dat 92 kilometer én 2 dagen foar in protte minsken dochs faaks krekt wat tefolle wie, en dat is faaks ek wol te begripen. We krigen in protte fraach nei de mooglikheden foar kaarten foar 1 dei en in part fan de rte. Yn desimber hawwe we dan ek 1-daagse kaarten ferkocht.

It plan foar de alternative Slachtemarathon waard oer it generaal posityf ntfongen. Spitigernch hat him dat net tere yn de ferkeap fan in protte kaarten. De organisaasje hat dan ek koartlyn, yn oerlis mei nder mear de doarpen, beslte moatten gjin Slachtemarathon 2018 te organisearjen. It tal dielnimmers soe te leech lizze. Dat is fansels hiel spitich, mar we sjogge drekt alwer foart. Drom binne we bliid dat we bekend meitsje kinne dat de earstekommende Slachtemarathon rn wurde sil op sneon 13 juny 2020. In gewoane Slachtemarathon, oer de Slachtedyk, fan Raerd nei Easterbierrum.

Alle tariedingen dyt dien binne nimme we mei nei 2020, wat dus in prachtige edysje liket te wurden. Elkenien dyt kaarten kocht hie krijt foar ein febrewaris it dielnimmersjild werom. De kaarferkeap foar de Slachtemarathon 2020 set tein op snein 2 febrewaris 2020 (foar Freonen in wike earder, op 26 jannewaris 2020).

Nochris, we fine it ferhipte spitich dat der gjin Slachtemarathon komt yn dit prachtige kulturele jier. Mar dryn leit ek drekt de treast, want op kultureel md is der san ferskuorrende protte te dwaan dit jier, dat we s wis ta de teannen t fermeitsje .
(Foar dielnimmers/Freonen taheakje: Sjoch foar ideen op lf2018.nl). We treffe jimme fst earne oars yn de provinsje dit jier.


We wolle jimme tank sizze foar jimme ynset yn de frne perioade, dat betsjut in protte foar s. We hawwe gau kontakt oer de tariedingen foar de edysje fan 2020.
As jimme fragen hawwe, dan kinne jim s fansels altyd even belje.

 

Mei freonlike groetnis, met vriendelijke groet,

Organisatie Slachtemarathon,

Wyke van de Witte

 

058 2038019
Postbus 2718 | 8901 AC Leeuwarden
www.slachtemarathon.nlwww.facebook.com/slachtemarathon
www.twitter.com/slachtemarathon | www.instagram.com/slachtemaratho