Programma V.V. Stormvogels '64
Skuorreferkeap no allinich op ofspraak
Kerstkaarten

Aginda

De kopij voor het volgende nijsfodsje inleveren voor 08-12-20  voor 18:00. op mailto:nijsfodsjeachlum@outlook.com

De kopij voor de volgende dorpskrant moet worden ingeleverd voor 06-12-20 

op Toldijk@home.nl


Datum     Begintijd Thuisteam Uitteam

28-11-2020 11:15 SJO Arum/Stormvogels '64 JO13-1 Harlingen JO13-1 

12-12-2020 11:15 SJO Arum/Stormvogels '64 JO13-1 VC Trynwalden JO13-1

Skuorreferkeap De Flaaksskûne, no allinnich op ôfspraak

Beste Achlumers,

Graach wolle wy by de lêzers fan it Nijsfodsje omtinken freegje foar op ‘e nij in skuorreferkeap op ‘De Flaaksskûne’ (adres Hitsumerwei 11) mar dan koroana-feilich!

De doarren binne allinnich op ôfspraak fan ‘e skoattel strutsen. Dat op sneon 29 novimber en op sneon 5 desimber. Dyjinge dy’t fan doel binne en kom hjirhinne, graach in ôfspraak meitsje mei Trudy de Vlas fia har mobile nûmer 06 – 19 97 71 41. Sy sil mei jim in ôfspraak ynplenne nei oanlieding fan in tiidroaster. Mar dan ek wolle wy graach freonlik fersykje om in mûlekapke foar te dwaan en oare pasjende coronaregels te achtenearjen. Dêrby rekkenje wy fansels wer op jimme meiwurking. Wy hawwe in oersichtlike rûte by de húsboel lâns útsetten sadat alles goed te sjen isNei 53 jier op ‘e Flaaksskûne wenjen te hawwen en mei in grutte húshâlding fan acht bern hie ús heit en mem in protte rêding, âld (boere)ark en alderhanne snypsnaren opgarre. Dêr sit dan ek wer guodden by fan ús pake Sake. Want wa wit koe it jin ea, jitris te stea komme no! Sit der wat fan jo gading by? Foar in aardich pryske kinne jo it meinimme. It jild wolle wy skinke oan in goed doel. Graach kontant betelje. Wy hawwe gjin (mobyl)pin-betellingssysteem of sa yn ‘e stjelp.Wy sjogge út nei jimme komst en tink asjebleaft om jo mûlekapkeMei freonlike groetnisse, de bern fan Jan en Durkje de Vlas.

Graach earst in ôfspraak meitsje mei Trudy de Vlas: 06 – 19 97 71 41

Kerstkaarten

Vanaf heden zijn er weer veel verschillende kerstkaarten van Achlum verkrijgbaar in het VVV kantoor aan de Monnikenweg 56. Bij slecht weer staat de kast niet buiten, dan even aanbellen.