Volkslied “Us Achlum”

Us Achlum (melodie uit “Frysk Lieteboek nr.3 “It Heitelân”)

 

Dêr ’t de griene greiden blomkje

Tusken Harns en Arum yn

Dêr leit jimmer ’t âlde doarpke

Frij en rom yn sinneskyn

Dêr ’t fee sa freedsum weidet

Simmers oan é buorren ta

Dêr leit Achlum, ’t âlde doarpke

Dêr ’t w’as bern al boarte ha (2x)

 

Dêr ’t de tsjerke jin fan fieren

Wiest ’t paad nei’t âlde plak

Dêr ’t de âlde toer wat skruten

Utstekt boppe mannich dak

Dêr’t it lieden fan ‘e klokken

Oeren fier fertelt yn’t rûn

Dêr leit Achlum, ’t âlde doarpke

Wij hawwe yn dy sa’n freonskip fûn (2x)

 

Dêr’t de markels en ‘e einen

Swimme tusken ’t griene reid

Dêr’t de dauwe simmerjûns sa

Drógjend oer ‘e fjilden leit

Dêr’t winters rêde skonken

Skreppe op it glêde iis

Dêr leit Achlum, ’t âlde doarpke

Wij binne dochs mei dy sa wiis (2x)

 

Dit gedicht is geschreven door meester Jonkman van de Rehoboth school.