Yn 2011 binne der fruitbeammen plante yn it Achlumer bosk. In hiele groep minsken hat doe in snoeikursus folge om der foar te soargjen dat der genôch kunde yn it doarp is om mei frijwilligers te snoeien. Dęrnei is der net olle snoeid, dat it waard heech tiid…

Op 18 febrewaris 2017 om 9.00 oere stie der in aardige ploech helpers klear om hjir mei oan de slach te gean. Nei it snoeien wie it tiid foar in bakje kofje mei wat lekkers, dęrnei binne der in tal peallen ferfongen en it bân better fęst setten, sadat de beammen net skeef groeie. Alle fruitbeammen hawwe in kroade stront krigen, dat we rekkenje yn it neijier op in grutte rispinge.

Op 11 maart is de twadde boskwurkdei. Fan NL Doet hawwe we jild krigen om beammen struken en blommesied te keapjen. Om 11.00 oere begjinne we. As jimme sin hawwe om te helpen dan binne jimme fan herte wolkom. Opjaan kin fia: www.nldoet.nl of bij Roelie Greidanus: roelie-anema@ziggo.nl

Yn it Achlumer bosk binne yn 2011 âlde rassen heechstam fruitbeammen plante troch de skoalbern: 14 appelbeammen, 10 parrebeammen, 6 prommebeammen en 1 walnutebeam

Dit wie in projekt fan doarpsbelang yn gearwurking mei lânskipsbehear en hearde by it projekt "Achlum oan de Slach”. De beammen binne fan alle ynwenners fan Achlum. Hawwe jimme sin oan in appel, par of prom, dan binne jimme wolkom om wat te plukken en lekker fan te genietsjen.